Soad animo foar wethâlderspost

© Omrop Fryslân
De PvdA Ljouwert hat tritich reaksjes krige op 'e fakatuere foar in nije wethâlder. Dat binne oer it algemien tige betûfte kandidaten, sa makket de seleksjekommisje bekend.
De PvdA Ljouwert hat al twa wethâlders: Waanders en Sluiter. Fanwege de winst by de gemeenteriedsferkiezings komt der no in treddenien by. It is foar it earst dat op dizze wize in wethâlder socht wurdt. Fiif kandidaten meie op petear komme.