Golfbaan net op 'e tiid klear

© Omrop Fryslân
De Pitch en Putt-golfbaan yn Ljouwert kin dizze maitiid net iepen. Troch it minne waar is de baan net op 'e tiid klear. De ferwachting is no dat der yn augustus golft wurde kin yn de Ljouwerter nijbouwyk Suderbuorren.
De mini-golfbaan is 300 bunder grut, mei achttjin holes. De baan kin yn oardel oere spile wurde. Behearderspear Mieke en Wietse Ytsma ferhúzje oare wike út Den Haag wei nei Ljouwert ta. De drainaazje is noch net klear.