Each yn each mei ynbrekker

© Omrop Fryslân
In bewenner fan de Oosterveldstrjitte yn Grou kaam moandeitenacht each yn each te stean mei twa jonge ynbrekkers. De man wie yn 'e wenkeamer foar de televyzje yn 'e sliep fallen en waard wekker fan de ynbrekkers. De Ljouwerters naaiden doe hurd út.
De plysje hat de twa oppakt yn deselde strjitte as se it hûs yngien wiene. It giet om twa jonges fan 16 en 17 jier. De twa hawwe neat meinommen by de ynbraak.