Oerlis oer tsjinstregeling NS

© Omrop Fryslân
De Nederlânske Spoarwegen sille mei de provinsje Fryslân om 'e tafel om te praten oer de nije tsjinstregeling. Mei yngong fan 2007 wolle de NS de yntercity nei de Rânestêd ferfongen troch in stoptrein. De trein is dan langer ûnderweis en dêr is beswier tsjin oantekene.
De Twadde Keamer hat fragen oer de plannen steld. As der net op tiid in oplossing fûn wurdt, sil de tsjinstregeling fan 2006 trochrinne.