FNP wol fly-under by De Jouwer

© Omrop Fryslân
De FNP yn Skarsterlân wol in part fan it jild dat bedoeld wie foar it Suderseespoar brûke foar de oanpak fan de rotonde fan 'e Jouwer. In moasje dêroer sil yn de kommende riedsgearkomste yntsjinne wurde.
De FNP tinkt dat it Suderseespoar der net komt. It frijkommende jild kin dan brûkt wurde foar de oanpak fan de rotonde. De FNP pleite foar in fly-under en net in fly-over, sa't de plannen no binne.