Minder fraach nei Fryske hynsten

© Omrop Fryslân
De populariteit fan it Fryske hynder liket werom te rinnen. It ôfrûne jier waarden 7.000 merjes troch in Fryske hynst dekt, en dat binne der tûzen minder as yn 2004. Der binne no sa'n 40.000 stamboekhynsten op de wrâld. Dat tal groeit noch wol wat, mar neffens Hellinga fan it Hynstestamboek is it Fryske Hynder oer de top hinne.
Yn Nederlân is de groei der al langer út. De groei siet de lêste jierren yn de eksport nei û.o. Amearika en Ruslân.