Mishanneling yn Snits

27 mrt 2006 - 15:43

In Marsumer (25) en in frou út Ljouwert (24) binne yn de nacht nei snein mishannele yn Snits. De twa wiene mei in groepke op stap yn Snits. Yn in bar ûntstie in diskusje oer it sluten fan de doar, om't it siigde.

Letter stie it groepke op de Merkstrjitte op in taksy te wachtsjen. Der kamen inkelde jongeren oan dy't de 25-jierrige begûnen te slaan. De frou út Marsum krige in klap op de mûle. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)