9 Boetes by fiskerskontrôle

27 mrt 2006 - 12:13

65 Fiskers binne sneon kontrolearre oan de Iselmarkust. Dêrby binne njoggen boetes útdield. De kontrôle waard holden lâns de kust en yn ferskate plakken yn Súdwest-Fryslân. Yn Starum krige in fisker proses-ferbaal foar bistekwelling. Yn Heech en yn Aldegea hiene fiskers te folle fisk by har.

Yn Boalsert waard de grutste fangst dien. In 62-jierrige Veendammer hie 126 deade fisken yn 'e tas. Yn totaal binne 365 fisken yn beslach naam by de aksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)