Ein karriêre Vlasveld

26 mrt 2006 - 16:10

Wintertriatlete Marianne Vlasveld út Reahel hat har karrière sneon beëinige mei in 9e plak op it WK. Yn it Noarske Sjusjoen gie de titel nei de Dútse Sigrid Lang. Vlasveld hâldt der mei op omdat har sûnens te winskjen oer lit, mar ek fanwege wurk en famylje.

Vlasveld waard yn har karriêre trije kear Europeesk en twa kear wrâldkampioene wintertriatlon. Fanwege in firus kaam Marianne Vlasveld dit seizoen mar twa kear yn aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)