Frou makket leven yn hotel

26 mrt 2006 - 15:51

In 55-jierrige frou út Zwolle is sneintemoarn betiid oanhâlden troch de plysje yn in hotel yn Wolvegea. De frou hie tefolle drank op en hold de oare gasten út de sliep mei har geraas. Se sloech ek noch in pear kear hurd mei har tas op de baly.

De plysje hie har earst wer nei har keamer brocht en doe like it rêstich te bliuwen. Nei 10 minuten waard de plysje lykwols wer belle. De frou raasde wer alles by inoar. Se is doe oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)