Proefstudearje op it hbo
Goed tûzen eksamen-kandidaten fan havo en vwo sille kommende tongersdei in dei proefstudearje op de Ljouwerter hegeskoallen. Sa kinne se yn de kunde komme mei de oplieding en de hegeskoalle. Ek is it de bedoeling dat se sa better in kar meitsje kinne foar in bepaalde stúdzje.
Alle opliedings fan it Van Hallynstitút, de Noordelijke Hogeschool en de Christelijke Hogeschool dogge mei.