ONS Snits wint yn Emmeloard

© Omrop Fryslân
De koprinner fan 'e sneons haadklasse ONS Snits wûn yn Emmeloard mei 2-3 fan Flevo Boys. De Snitsers kamen earst mei 2-0 achter, mar troch goals fan Albert Jan van Zwol, Ype Haytema en Rudy Mann wûn ONS dochs.
De Harkemase Boys wûnen thús yn in minne wedstriid mei 1-0 fan Excelsior Rijssen. Excelsior miste yn 'e twadde helte in penalty. Drachtster Boys spile yn Wezep mei 1-1 gelyk tsjin WHC, tanksij in goal fan Martijn Groenewold.