Flyers winne fan Nijmegen

25 mrt 2006 - 17:03

De iishockyers fan de Vadeko Flyers hawwe freed in fiifde en beslissende wedstriid ôftwongen yn de finale fan de play-offs. De Feansters wûnen de fjirde wedstriid yn en tsjin Nijmegen mei 4-7.

De perioadestannen wiene 2-1, 0-3 en 2-3. Beide ploegen hawwe no twa wedstriden wûn. Sneontejûn, om 18.00 oere is de beslissende wedstriid yn it Thialf stadion op it Hearrefean. De winner is lânskampioen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)