Folkstúnfandalisme op 'e Jouwer

25 mrt 2006 - 16:39

De túnkers fan 'e folkstúntsjes oan de Haskerfjildwei op 'e Jouwer sitte mei de hannen yn it hier. Al in skoft lang wurde harren túntsjes fernield. Ferskate planten, bankjes en ruten binne al sneuvele. Omdat der geregeld guon troch de túntsjes wâdzje, dogge de túnkers der alles oan om de fandalen te trapearjen. Sa hâlde se sels op jûntiid om beurten in patrûlje.

It bestjoer fan 'e túnferiening wol dat de plysje mear oan it probleem docht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)