Earste ljipaai fûn by Tsjerkwert

25 mrt 2006 - 14:07

It earste ljipaai fan Fryslân is freed 24 maart om 4 oere middeis fûn troch Joop Wijnja fan Parregea.

De 60-jierrige Parregeaster fûn it aai yn in stik greide tusken Tsjerkwert en Blauhûs. Joop Wijnja fûn earder yn 1996 it earste ljipaai fan de gemeente Wûnseradiel. It aai sil sneon oanbean wurde oan Kommissaris Nijpels. Neffens de tradysje kriget Wijnja dan de sulveren ljip mei nei hús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)