Mooglik trochstart STB

24 mrt 2006 - 22:02

De kâns is hiel grut dat der in trochstart of oername komt fan de Stichting Toezicht en Beveiliging Noord-Nederland (STB) yn Frjentsjer. Bestjoersleden fan de stifting dy't tongersdei fallyt gong, wolle in trochstart meitsje.

Dat seit kurator Arie Brink. Ek hat in oar befeiligingsbedriuw him melden as oernamekandidaat. Der wurkje 29 minsken by STB. By in trochstart of oername is der noch wurk foar maksimaal 12 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)