Snie docht stielprodusint das om

24 mrt 2006 - 22:01

Stielprodusint Hardstaal fan de Lemmer is yn finansjele problemen kaam trochdat ien fan harren konstruksjes ûnder it gewicht fan snie ynstoarten is. Dat barde yn desimber ferline jier.

It slachtoffer is in grutte klant fan it bedriuw en wol de rekken fan 1.3 miljoen euro net betelje. Hardstaal hat útstel fan betelling krigen. By it bedriuw wurkje 16 minsken. Binnen twa wiken moat dúdlik wurde oft de rekken betelle wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)