Falske oanjefte fan strjitrôf

24 mrt 2006 - 16:57

De plysje hat in 20-jierrige man út Ljouwert oanhâlden en dêrmei in falske oanjefte fan strjitrôf oplost. De man hie oanjefte dien fan stellerij fan syn mobile telefoan. Hy soe yn it Julianapark oerfallen en bestellen wêze.

De plysje twifele oan de oanjefte en nei yntinsyf ûndersyk die bliken dat de gsm fan in man út Zwolle wie, mar om administrative redenen op namme fan de Ljouwerter stie. De Ljouwert hat bekend dat der gjin oerfal west hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)