Gjin útwreiding firus Sionsberg

24 mrt 2006 - 16:14

It grypfirus wreidet him net fierder út yn de fersoargingshûzen fan Talma Sionsberg yn Feanwâlden en Dokkum. De maatregels dy't nommen wiene yn de Waadwente yn Dokkum wurde fan snein ôf sels fersoepele.

De siken sitte dêr allinnich op de earste ferdjipping. Dêr jilde noch wol ekstra maatregels. Fan de 100 bewenners binne der yn Dokkum 16 troffen troch de gryp. Yn Feanwâlden binne 20 fan de 100 bewenners siik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)