Feemerk ferhuzet miskien

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter feemerk ferhuzet mooglik nei in oare lokaasje. Op it stuit wurdt troch de behearskstifting ûndersocht wat de bêste lokaasjes binne foar in eventuele nije feemerk. Dêrby wurdt net allinnich nei Ljouwert sjoen, mar ek nei Smellingerlân en It Hearrenfean.
Ein dit jier rint it hierkontrakt fan de feemerk mei it FEC ôf. Foar oktober moat dúdlik wêze oft de merk op it hjoeddeistige plak bliuwt of dat der ferhuze wurdt.