Soarchbûlevaar Snits te lyts

© Omrop Fryslân
De nije soarchbûlevaar by it Antonius Sikehûs yn Snits is no al wer te lyts. Neffens direkteur Klaas Schuurman fan it Antonius Sikehûs is der safolle belangstelling dat it gebou wol de helte grutter kinnen hie.
De nije soarchbûlevaar waard tongersdei iepene troch foarsitter Henk Kroes fan feriening De Friesche Elfsteden. Yn it gebou sitte mei elkoar seis soarchynstellings.