Jonge oanholden foar fernieling

24 mrt 2006 - 10:07

De plysje hat tongersdeitejûn in 17-jierrige jonge fan It Hearrenfean yn syn wenplak oanholden op fertinking fan fernieling. Op de Wettertoer wie in reklameboerd fan in winkel fernield. Tsjûgen koene de plysje in goed sinjalemint fan de dieder jaan.

Nei in syktocht fûn de plysje de man yn de Compagnonsstrjitte op It Hearrenfean. Hy hie in mes by him. Hy is oanhâlden en nei ferhear oerdroegen oan syn âlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)