Jild foar renovaasje buorkerijen

24 mrt 2006 - 09:50

De Provinsje wol jild achterút lizze foar de renovaasje fan 60 Fryske monumintale buorkerijen, omdat dy behâlden bliuwe moatte foar it neiteam.

Mar net alle 6000 Fryske buorkerijen komme yn oanmerking. Dat soe tefolle jild kostje. De gemeenten wurde frege om mei listjes te kommen fan pleatsen dy't yn oanmerking komme foar it ûndersyk. Ut dit oantal wurde dan de 60 pleatsen selektearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)