Hobbybisten wurde net yninte

© Omrop Fryslân
Plomfeehâlders fan hobbybisten litte harren hinnen, einen en oar plomfee net ynintsje. Der komt tefolle administratyve rompslomp by sjen. Boppedat wurde de yninte bisten net sparre by in mooglike romming.
Grut foardiel is wol dat yninte hinnen en einen net ophokt hoege te wurden. Neffens de plomfeehâlders binne de neidielen lykwols folle grutter. In faksinaasje kostet tusken de 8 en 16 euro per hin.