Militêren oefenje yn Dokkum

© Omrop Fryslân
Yn Dokkum is tongersdei útein setten mei in grutte militêre oefening. Goed 120 militêren fan it 17-de infanteriebataljon fan Oirschot oefenje dêr foar har útstjoering nei de Afgaanske provinsje Uruzgan.
Mei it rinnen troch de stêd moatte de manskippen tared wurde op it wurkjen mei minsken op strjitte. Dêrneist ha de militêren opdracht krigen guon punten en objekten te herkennen. De oefening duorret oant freedtejûn.