Befeiligingsstifting fallyt

© Omrop Fryslân
De Stichting Toezicht en Beveiliging Noord Nederland, de STB, is fallyt. De rjochtbank hat it fallissemint tongersdei útsprutsen, nei't it oanfrege wie troch it stiftingsbestjoer.
De STB is yn 2004 oprjochte as alternatyf foar de stedswachten yn de gemeenten 't Bilt, Boarnsterhim, Frjentsjerteradiel, Harns, Menameradiel en Weststellingwerf. De meiwurkers binne fanút in ID-baan trochgroeid as profesjoneel befeiliger.