Suvelkonsern tsjin prizenoarloch

© Omrop Fryslân
Suvelkonsern Friesland Foods is net bliid mei de de nije molkprizenoarloch dy't driget by de supermerken. Aldi, Lidl en Albert Heijn ha de ôfrûne dagen de prizen fan de molke ferlege mei 3 sint. In liter healfolle molke kostet no noch mar 39 sint.
It ferleegjen fan de prizen is no noch in saak fan de supermerken sels, mar Friesland Foods ferwachtet dat de hiele sektor der op termyn de dupe fan wurde sil.