Cambuur wint fan Veendam

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freed dien wat it dwaan moast: winne fan Veendam. It waard 4-1 foar de Ljouwerters. Koen Brack makke twa goals foar Cambuur út in penalty. De oare Ljouwerter goals kamen op namme fan René van der Wei en Thijs Houwing.
De besikers spilen hast de hiele twadde helte mei 9 man, troch twa reade kaarten. Oft Cambuur de sechde perioade wint hinget ôf fan de wedstriid AGOVV Apeldoorn - Go Ahead Eagles fan snein.