Famke skoftsje fermist op Amelân

23 mrt 2006 - 17:27

Op It Amelân hat woansdei in soad opskuor west fanwege de fermissing fan in famke. It 17-jierrige swakbegaafde famke siet mei in groep yn in kampearbuorkerij yn Hollum.

Se wie wei, sûnt middeis fjouwer oere. Om jûns acht oere soene plysje, brânwacht en ambulânse mei in grutte sykaksje begjinne. Doe kaam der in telefoantsje dat it famke yn ferwarde tastân fûn wie yn Nes. De helptroepen hoegden doe net mear út te rukken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)