Harns krijt bistepark

© Omrop Fryslân
Yn Harns komt in bistepark. It park komt te lizzen by sikehûs MCL. It giet om in lyts parkje mei einen, skiep, fûgels en kninen. Foar de einen wurdt spesjaal in fiver útgroeven.
It bistepark is in gearwurking tusken Soarchgroep Noorderbreedte, MCL Harns en de pleatslike Rotaryclub. Yn de rin fan dit jier moat it bistepark klear wêze. It nije bistepark is foar elkenien tagonklik. De namme wurdt 'Dierenpark Beestenspul'.