Houkje Rypstra wethâlder T'diel

© Omrop Fryslân
Houkje Rypstra fan Gytsjerk wurdt de earste wethâlder fan Tytsjerksteradiel fan bûten de gemeenteried. Rypstra(43) wurket no noch by Omrop Fryslân TV as redakteur/ferslachjouwer. It nije kolleezje fan Tytsjerksteradiel wurdt foarme troch CDA en PvdA.
Doeke Fokkema en Maaike Prins wurde wethâlder foar it CDA. Bart Bakker en de al neamde Houkje Rypstra foar de PvdA. It nije kolleezje wurdt op 12 april troch de ried beneamd.