'Plysjekarmerk doocht wol'

© Omrop Fryslân
It plysjekarmerk Feilich Wenjen jout genôch beskerming by ynbraak. Dat seit de plysje Fryslân. It Konsumintebûn hat yn in ûndersyk bekendmakke dat 47 fan de 60 silinderslotten maklik te kreakjen binne.
De plysje Fryslân komt ta in oar konklúzje. By de 8000 wenten dy't dit slot hawwe, is noch nea ynbrutsen, sa makket de Fryske plysje bekend. It karmerk hat it tal ynbraken yn de lêste acht jier bot fermindere.