Wetter mear romte yn Pinepolder

© Omrop Fryslân
It opheegjen en ferpleatsen fan de polderdiken yn de Pinepolder by Heech moat in ein meitsje oan de wetterproblemen dy't dêr yn it ferline west ha. Benammen yn 1998 en 2000 soarge it wetter foar in soad skea by boeren yn it gebiet. Yn novimber 1998 rûn de polder sels foar in part ûnder wetter.
It wetterskip stekt no sa'n 3 miljoen euro yn de oanpak fan de polderdiken. Ek wurdt der in boezemsleat groeven.