VVD bûten spul op It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Hearrenfean krijt de kommende jierren in kolleezje fan PvdA, CDA en Grien Links. Dat advisearret ynformateur Jacques Tichelaar. Dêrmei komme deselde partijen yn de gemeente oan de macht as yn de perioade fan foar 2002. De VVD stiet bûten spul.
De PvdA wie de grutte winner by de gemeenteriedsferkiezings. Fraksjefoarsitter Arend Duiker fan de PvdA ferwachtet dat de petearen binnen twa wiken súksesfol wêze sille.