Histoaryske atlas opnij printe

© Omrop Fryslân
De nije histoaryske atlas fan Fryslân is nei goed twa wiken út de hannel naam fanwegen in produkjsefout. Der is ferkeard papier brûkt en dêrtroch lûkt de atlas nei ferrin fan tiid krûm.
De atlas wurdt no op 'e nij printe. Minsken dy't it boek mei kaarten út de foarige ieu al kocht ha, kinne der mei werom nei de boekhannel. Nei alle gedachten leit de nije en ferbettere atlas oer seis wiken yn de winkel.