Thússoarch op de camping

© Omrop Fryslân
Fakânsjegongers op Yn 'e Lijte yn Grou kinne thússoarch krije fan fersoargingshûs Nij Friesma Hiem. As earste soarchynstelling yn Fryslân hat dat tehûs dêr ôfspraken oer makke mei it park. Meiwurkers komme fan 't simmer del om de minsken te waskjen of te helpen mei medisinen.
De meiwurkers handelje sels de finansjele saken ôf. Thússoarch op de camping kostet net mear as gewoan by de klanten thús.