Winsken foar It Heidenskip

22 mrt 2006 - 16:09

Ferkearsfeilichheid is ien fan de belangrykste knyppunten yn It Heidenskip. Dat skriuwe de ynwenners yn de doarpsfisy. De Heidenskipsterdyk is relatyf smel en dus gefaarlik.

De ynwenners wolle ek mear lytsskalige wentebou. Der is net folle plak foar nije hûzen, mar mooglik kinne leechsteande pleatsen ferboud wurde. Oare winsken dy't yn it doarp libje, binne in swimplak foar de bern en in nij fytspaad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)