Plannen foar lúks wenresort

22 mrt 2006 - 15:59

Der moat in lúks wenresort fan 200 bunder komme oan 'e Hegermar. Der moatte ek foarsjennings bykomme lykas winkels, in golfbaan en in skyhelling. Doel is mear minsken út 'e Rânestêd nei de Súdwesthoeke te lûken en de rekreaasje te ferbetterjen.

De gemeente Gaasterlân-Sleat wol de kommende wiken mei de oare gemeenten oer prate. Nije eilannen mei romme kavels en lúkse oanlisplakken soenen it gebiet noch ekstra alluere jaan kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)