Van Mourik wethâlder-ôf

22 mrt 2006 - 15:11

Tom van Mourik komt definityf net wer werom as wethâlder yn de gemeente Ljouwert. De PvdA sil mei it CDA en PAL/GrienLinks de kommende fjouwer jier in koalysje foarmje.

De VVD rekket der dus út en dat hat gefolgen foar Van Mourik. Hy hat mei-inoar twa-en-in-heal jier wethâlder yn Ljouwert west. Van Mourik kaam yn septimber 2003 as opfolger fan Arno Brok yn it kolleezje. Tom van Mourik komt no foar de partij werom yn de rie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)