Protterpleach op 'e Lemmer

© Omrop Fryslân
Tsientûzenen protters soargje foar in soad oerlêst op de Lemmer. De grutte groepen fûgels binne alle jierren te finen yn it doarp, mar dit jier binne it der mear as oars. Benammen jûns en moarns betiid meitsje de bisten in soad leven en skite se auto's, strjitten en sels minsken ûnder.
De gemeente seit neat dwaan te kinnen tsjin de grutte kloften fûgels. Wat krekt de oarsaak is fan it grutte tal protters is ek noch ûnbekend.