Klopstra nei Wrâld Cup yn Rome

© Omrop Fryslân
Judoka Nynke Klopstra fan Gytsjerk docht kommend wykein mei oan de Wrâld Cup yn Rome. Bûnstrainer Marjolein van Unen hat de lichtgewicht oproppen nei har tredde plak fan ôfrûne sneon by de Wrâld Cup yn it Estse Talinn. Klopstra is ien fan de acht Nederlânse froulju, dy't selektearre is.
De ynwenner fan Grins komt werom fan in swiere blessuere en sil no foar de twadde kear sûnt in jier meidwaan oan in ynternasjonaal toernoai.