Nije oanwinst T. Brandsmamuseum

22 mrt 2006 - 12:26

It Titus Brandsma Museum yn Boalsert hat der in besûndere oanwinst by: in oerjas fan Titus Brandsma. De jas is yn de jierren tweintich fan de foarrige ieu makke troch kleanmakker Gerritsma út Boalsert. Brandsma soe de jas útliend hawwe oan in oare priester, mar krige him nea werom.

De jas wurdt earst opnommen wurde yn in tydlike útstalling oer de reizen fan Titus Brandsma . Dêrnei komt er yn de fêste kolleksje fan it museum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)