Grutte enkête 75-plussers

22 mrt 2006 - 10:28

It Hearrenfean set tiisdei as fyfde Fryske gemeente út ein mei in bysûnder projekt foar âlderein. Doel is yn kaart te bringen wêr't 75-plussers dy't noch op harsels wenje, ferlet fan hawwe. Fjirtich frijwilligers sille 3300 âlderen befreegje nei harren miening yn in enkête.

Yn fjouwer oare gemeenten yn 'e wâlden rint al sa'n âldereinprojekt. It projekt duorret trije jier. Dan moat bekend wêze wat âlderen wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)