Accolade dochs by Cambuuroerlis

© Omrop Fryslân
Projektûntwikkelder Accoladegroep is ek wer yn byld by it oerlis oer it rêdingsplan fan fuotbalclub Cambuur. Fjouwer ynvestearders Riedstra, Sleijfer, Buwalda en Hoekstra prate mei de gemeente oer it plan en dêr sit de Accoladegroep ek wer by. Earder luts dy groep him werom út it oerlis.
Rint it oerlis op neat út, dan is Cambuur sa goed as wis fallyt. Der wurdt woansdei yn de rin fan de neimiddei of jûn in beslút ferwachte.