Cambuur ôfhinklik fan oerlis

22 mrt 2006 - 00:00

It kolleezje fan B&W fan Ljouwert sil woansdei wer prate mei de groep Riedstra. Dat hat wethâlder Krol bekend makke. De gemeente en de Groep Riedstra binne it net iens oer de oankeap fan de grûn ûnder it Cambuur-stadion. As der yn de takomst winst makke wurdt op dy grûn, wol de gemeente dy ha. Dat wol de Groep Riedstra net. Sy wolle dat jild brûke foar Cambuur.

Beide partijen hoopje it woansdeitemiddei noch iens te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)