De Hoop haadoplieding Cambuur

© Omrop Fryslân
John de Hoop is takom seizoen de nije haad jeugdoplieding fan Cambuur. Hy folget dêrmei Marcel Frankena op. Dernêst wurdt De Hoop ek de trainer fan de A-junioaren. Dêr is no André Onclin noch de trainer.
De 49-jierrige trainer komt oer fan Helpman út Grins. Mei dy klub promovearre De Hoop ferline jier nei de twadde klasse. Fierder wie De Hoop trainer fan Tolbert, Neptunia, Rolder Boys en LTC.