Ynterfrysk kongres yn Leck

© Omrop Fryslân
It trijejierlikse Ynterfrysk Kongres foar de Fryske minderheden yn Dútslân en Nederlân wurdt fan 5 oant 7 maaie hâlden yn it Noardfryske Leck. It motto fan it kongres is 'Friesen - warum und wozu?'
It is it doel dat de dielnimmers diskusjearje sille oer de perspektiven en mooglikeden fan fierdere gearwurking. It kongres wurdt organisearre troch de Friesenrat en de Schleswig-Holsteinische Landstad.