Identiteit drinkeling bekend

© Omrop Fryslân
De plysje hat de identiteit achterhelle fan it lichem dat tiisdei fûn is yn 'e Iselmar. It giet om in 51-jierrige frou út Starum. Neffens de plysje is der gjin sprake fan in misdriuw.
De frou waard fûn op 'e hichte fan it Seeleantsje by Starum troch in foarbygonger. Mei help fan in oarenien slagge er deryn om it lichem nei de kant te krijen. In grut tal helpferlieners waard ynsetten. De plysje ûndersiket de saak noch.