Mear animo foar 'Kontaktdagen'

© Omrop Fryslân
De belangstelling foar de Bedriuwe-kontaktdagen yn it FEC yn Ljouwert nimt alle jierren ta. Dat seit Van Muylwijk, direkteur fan de beurs. It evenenemint gie tiisdei fan start foar de 23e edysje.
De kontaktdagen gean dit jier 'ynternasjonaal', want der komt ek in Poalse sake-delegaasje nei Ljouwert. Doel is dar sakelju inoar moetsje en dat se hannelje. Mar der binne ek nije fynsten te besjen yn it FEC.