Fûgeltelling op alle eilannen

© Omrop Fryslân
Tellers sille dizze maaityd op alle Waadeilânnen massaal briedfûgels turve. De telling is ek op de Dútse en Deense Waadeilannen.
Foar Skylge en foar Flylân is it bysûnder dat yn in grut tal gebieten tagelyk sjoen wurdt. Steatsboskbehear telt dêr oars altyd om de tsien jier de briedfûgels. Dat wurdt no kombinearre mei de tellings op alle Waadeilânnen. Op Skylge en Flylân binne mei-inoar sân minsken oan it tellen.